Wa is de bêste Fryske Poëzyslammer? Kom tongersdei 26 juny nei Tresoar! Dêr is jûns de tredde edysje fan de Fryske Poëzyslam: tsien talintearre dichters nimme it tsjin elkoar op.
It wurdt in jûn fol ferpletterjende foardrachten en poëtyske hichtepunten. Fans, famylje en freonen en alle poëzyleafhawwers binne fan herte wolkom! Wa krijt de measte stimmen en krijt neist ivige rom, de prachtige wikselbeker én 500 euro?