Alle earste tongersdeis fan de moanne baarnt yn Harns it Ferhalefjoer. It plak om te harkjen nei ferhalen of sels te fertellen. Dit inisjatyf fan ferhalefertellers Frank Belt, Ingrid Halfhide en Baukje Koolhaas is ynspirearre op âlde ferteltradysjes.
De start fan Ferhalefjoer yn Harns ein 2025 wie in sukses: in soad besikers en prachtige ferhalen dy’t mei-inoar dield waarden. Alle reden om dit fjoer brânende te hâlden.
It Ferhalefjoer wurdt oanstutsen om 19.30 oere yn Havenbrouwerij Het Brouwdok, Nieuwe Willemskade 8, Harns. In oere letter wurdt it wer útmakke en kin wa wol noch neiprate. Entree is frij. Wa’t wol kin op it plak sels in bydrage jaan. Konsumpsjes binne foar eigen rekken.
Op 5 maart is it tema Bysûndere froulju.
Op 2 april is it tema Skyn ferrifelt.