In pear dagen foar Ynternasjonale Frouljusdei stiet Ferhalefjoer stil by ferhalen oer froulju. Ek yn ferhalen is de rol fan froulju faak ferdraaid of weistoppe – mar wa’t efkes fierder sjocht, ûntdekt spoaren fan froulju fol moed, lef en krêft.

Fertellers Baukje Koolhaas en Ingrid Halfhide ûntstekke it fjoer mei harren ferhalen. Dêrnei is it de beurt oan besikers dy’t sels fertelle wolle – persoanlike ferhalen of ferhalen dy’tst earne heard hast, salang’t de froulju mar op ’e foargrûn steane.

It tema past perfekt by dizze moanlikse ferhalejûn. It idee foar Ferhalefjoer is nammentlik ynspirearre troch de Joadske Drut’syla’s – froulju dy’t har ferhalen fol sterke froulju trochjoegen fan beppe op beppesizzer.

Besikers dy’t sels fertelle wolle kinne dat jûns melde. Wa’t allinnich harkje wol is like wolkom. Om 20:30 oere wurdt it fjoer dôve en kin der neipraat wurde.

Nei de webside →