In oerke foar dysels? Soest wol wolle, mar wannear dan? Altyd mar drok? En gjin rêst om dy del te jaan?Hast in moai boek? Mar leit dy noch altyd net lêzen yn ‘e kast? Híel werkenber… Dêrom organisearret Tresoar de earste Silent Book Club fan Fryslân, dy’t op tongersdei 23 novimber feestlik iepene wurdt!

Programma 

19.45 – 20.00 Kom binnen 
20.00 – 20.45 Feestlike iepening mei in hapke, in drankje en in aardige ferrassing 
20.45 – 21.30 Noch efkes in praatsje meitsje of fuort lekker lêze

Silent Book Club

De Silent Book Club is in wrâldwide mienskip fan lêzers en boekleafhawwers, mei mear as 500 lokaasjes yn 50 lannen oer de hiele wrâld! En fan 23 novimber 2023 ôf wurdt Ljouwert oan dit ynternasjonale listje taheakke. 

Nei de iepening bisto alle earste tongersdeis fan de moanne fan herte wolkom de Silent Book Club by Tresoar. 

Foto: Natalia Balanina

Nei de webside →