Sneon 22 maart is de Afûk-winkel wer ris iepen op sneon! It is nammentlik Boekenweek én de Afûk set skriuwer Durk van der Ploeg in ‘t sintsje.

Durk wurdt dit jier 95 jier (!) en hat yn de ôfrûne desennia tal fan gedichten, ferhalen en boeken skreaun. Hy wûn yn totaal 21 kear de Rely Jorritsmapriis én de Gysbert Japicxpriis. Tiid dus om ris yn ‘e kunde te kommen mei de skriuwer en syn oeuvre!

Elk is fan herte wolkom om 10:30 oere. Der is kofje mei wat lekkers, der wurdt foarlêzen en ferteld en Durk sil boeken sinjearje. It programma duorret oant 12:30 oere, mar de winkel is dêrnei noch de hiele dei iepen!

Tink der om: yn ús nijsbrief hat by fersin 23 maart stien as datum foar dizze aktiviteit. Mar de goeie datum is dus sneon 22 maart.

Nei de webside →