‘Wa binn’ myn maten op dy wilde feart
Wa binn’ mei my, dy’t wyn noch romte keart?’
Dit sitaat út in gedicht fan de Fryske dichteres Rixt past by de lokaasje dy’t útkeazen is foar de útfiering fan de minimalistyske ienakter ‘Drama mei deade dichters’.
It toanielstik spilet him ôf op de histoaryske beurtfarder Stânfries X, flaggeskip fan de Museumhaven, op 26 septimber. It kostúmdrama fertelt it ferhaal fan de trije histoarysk ferneamde Fryske dichteressen Simke Kloosterman (2026: 150ste bertedei!) Rixt en Ella Wassenaer.
Yn earste ynstânsje lykje de ferneamde wurden fan Rudyard Kipling ‘East is east, west is west, and never the twain shall meet’ fan tapassing te wêzen. De dichteressen steane op út harren grêf en begjinne inoar de gouden flieën ôf te fangen. Trije karakters wurde goed ynfielber, se litte har krityske ljocht skine oer inoar, oer oaren – dêr’t ek de manlju net by sparre wurde – mar neigeraden de dialooch foarderet groeit der begryp foar elkoar. Se fersteane elkoar, sadat se sterke en gerêststeld weromkeare kinne yn har grêf.
Utfierjenden binne: Sigrid Kingma, Lara Kool en Aggie Meijer. Mei dit poëtysk drama krûpe trije hjoeddeistige dichters (âld Dichter fan Fryslân Sigrid Kingma, Havendichter Lara de Vries en Fryske Slam-winneres Aggie Meijer) yn de hûd fan histoaryske ikoanen fan de literatuer, op in wize dy’t allinne beskreaun wurde kin as ‘Moaier as wier’, it tema fan de Museumnacht.
‘Drama mei deade dichters’ wurdt yn ’e Museumnacht, 26 septimber, trije kear opfierd: om 19.15 oere, 20.00 oere en 20.45 oere. Ynrin fan 19.45 oere ôf.
De tagong is fergees. Stânfries X leit by Wirdumerpoortsdwinger 8 yn Ljouwert (by de Mercuriusfontein) op rinôfstân fan it stasjon. It skip is berikber fan de Nieuweweg ôf.
De opstap nei en it yngean/ferlitten fan ’e Stânfries X is net maklik, foar rollators en rolstuollen spitigernôch sels ûnmooglik.
Nei de webside →
