Op de ‘Dei fan it Waad’ nimme Lara Kool, Elmar Kuiper, Geart Tigchelaar en Krista Niklewicz it publyk mei yn harren Waad-ûnderfiningen. Dêrby is der gelegenheid foar de leafhawwer om de Iepen Mic te pakken. Besikers harkje nei op it Waad ynspirearre ferhalen, foardrachten, muzyk, ûnder it genot fan in hapke en in drankje dy’t – fansels – fan it Waad komme.
‘Diele fan it Waad’ is in inisjatyf fan Aggie Meijer en Sylke Kingma, skriuwers dy’t harren leafde foar it Waad graach op dizze manier mei eltsenien diele.
Nei de webside →