Dichter fan Fryslân Sigrid Kingma, Edwin de Groot en Christa Niklewicz fan dichterskollektyf RIXT, Jetze de Vries fan it BoskLab en Afrida Adem en Marco Merijn Klute fan DichterBij Leeuwarden drage foar op it Boskpoadium yn Obe.

Marimba- en fibrafoanspiler Gerben Jongsma lit besteande stikken en eigen komposysjes hearre. Gedichten en muzyk wurde ôfwiksele. Nei it skoft wurde guon gedichten kombinearre mei muzyk.

Tagong fergees, oanmelde net nedich.