Lêzing oer it Joadske famke Hella Pakter, dy’t de oarloch oerlibbe, ûnderdûkt op in pleats yn Bantegea . Wylst goed trijekwart fan har direkte famylje fermoarde waard, fûn sy in feilich plak by de famylje Holtrop.

Nei de oarloch ferdwûn se út byld. Goed sechstich jier letter waard se weromfûn yn New York, wêrnei’t it kontakt wer oppakt wurde koe. Otto Kuipers, dy’t der in boek oer skreau, fertelt oer it bysûndere libben en de oarlochsskiednis fan Hella.

Nei de webside →