DE GJALP is in projekt op it snijflak fan literatuer en film. Ofrûne maitiid waarden Fryske skriuwers oproppen om filmideeën oan te dragen en Fryske dichters om poëzy te skriuwen by bysûndere filmbylden út it Fries Film & Audio Archief.
Ut in grut tal ynstjoeringen waarden tsien winners keazen: Tamara Feddema, Remco Kuiper, Myrte Marije Veenbaas, Ruerd Smaling, Marije de Lange, Erik de Boer, Hein Jaap Hilarides, Jorrit de Klerk, Sina Keuning en Anne Fie Salverda. Sy hawwe dêrnei wurke oan lytse produksjes foar it Noordelijk Film Festival, dêr’t ek de resultaten presintearre wurde: op sneintemiddei 9 novimber sjochst poëzy by film, performances mei film & animaasje en oare spesjale projekten wêrby’t film en literatuer inoar moetsje. Nei de presintaasje, fan 15:30 oant 17:00, fynt der oant 18:00 in DE GJALP-buorrel plak.
DE GJALP is in projekt fan literêr tydskrift Ensafh, algemien-kultureel opinyblêd De Moanne en Frysk Dichterskollektyf RIXT. DE GJALP wol de kommende jierren literêre programma’s op ferskate festivals delsette om Fryske skriuwers en dichters út te daagjen har talint op nije wizen sjen te litten.
DE GJALP wurdt finansjeel mooglik makke troch de Provinsje Fryslân.
Nei de webside →