Fan 14 oant 16 septimber organisearje de Fryske Akademy, Mercator, NHL Stenden en University Groningen tegearre de twadde Conference on Frisian Humanities yn it Westcord WTC Hotel yn Ljouwert. It tema is Resilience/Fearkrêft. Hoe kin in lytse taal har steande hâlde yn in hieltyd globalisearjendere wrâld?

Dêr binne ek ferskate nijsgjirrige presintaasjes oer Fryske literatuer:

  • Antropology fan de ‘stim’: hoe’t dichterskollektyf RIXT har manifestearret yn it politike kulturele lânskip fan Fryslân – Eelke Veltman
  • Wêr bliuwe de froulju? – Janneke Spoelstra
  • De fearkrêft fan it Frysk: Plak en bydrage fan Tony Feitsma yn in spanningsfol fjild fan krêften – Sessy mei 4 lêzings fan Sigrid Kingma, Hilda Schram, Redbad Veenbaas en Liuwe H. Westra en boekoanbieding biografy Feitsma oan de KfdK Brok
  • Lapekoer Gabe Skroar 1822-2022 – Sessy mei twa/trije lêzings (Eric Hoekstra, HJ Hilarides) en in diskusje oer de takomst fan de Fryske literatuer

Der binne derneist in protte lêzings oer meartaligens, Fryske skiednis, en Fryske identiteit.  

Nei it folsleine programma