Hoe set men in lânskip oer nei in liet? Kinst in wolk oan de loft spikerje? Broedplaats is in sintúchlike foarstelling dêr’t skilderijen, muzyk en poëzy trochinoar bewege. Ferwachtsje in jûn fol muzyk, poëzy en eksposysje!

De kleurrike, abstrakte lânskippen fan skilder Annemarieke Woltman (1959 -1997) sille yn petear mei de muzyk fan har broer Herman Woltman (gitaar / piano) en Ella de Jong (sang / trompet) en de wurden fan Tsead Bruinja (Dichter des Vaderlands 2019 -2020). Spesjaal foar dit konsert spylje Fay Lovsky, Willem Smid en Bart Soeters mei.

De orizjinele doeken fan Woltman wurde ûnder de foarstelling ien foar ien yn it ljocht setten fia in mobile ynstallaasje. De artysten steane tusken de skilderijen – in teaterbesite en in museumbesite yn ien. It momint, de lokaasje en de ynteraksje tusken publyk en artysten meitsje eltse foarstelling unyk.

Nei de webside →