By de Afûk ferskynt it Nederlânsktalige Ein Bratkartoffelverhältnis (Liefde in oorlogstijd) fan Willem Verf. Oan de basis fan dizze novelle lizze de oantinkens fan syn âlden, dy’t ferkearing krigen yn Dútslân yn de oarloch, wylst it Ruhrgebiet fûl bombardearre waard.
Hoe komme minsken dy’t gjin helden binne troch tiden fan fernieling, dea en ûntregeling? Fan de fragminten dy’t him as bern oerlevere waarden, makke Verf in boeiend, oandwaanlik en realistysk ferhaal. Sa persoanlik hat Willem Verf net earder west.
By de presintaasje giet Mirjam Bakker yn petear mei Willem Verf oer syn boek en it ferhaal efter de oersetting. Auteur Lomme Schokker fertelt wat dit boek sa bysûnder makket en Verf lêst sels in passaazje foar. Mei muzikale optredens fan Frederike Kleefstra en Corinne Staal.
Willem Verf debutearre yn 1982 en wûn yn 1984 de Fedde Schurerpriis. Oar wurk: It swijen net wurdich (2008), Bûtenman & Bûtenfrou (2013), De wûndere leafde fan Emine en Einte (2021).
Opjefte is fergees en ferrint fia hermien.vandermeer@afuk.nl.