Boeken fan Fryslân skriuwt in ferhalewedstriid út foar lêzers yn it ramt fan it feest BoekmoardBoek dat op freed 8 july om 20.00 oere yn Café Het Grauwe Paard yn Marsum holden wurdt. Elkenien wurdt fan herte útnûge in koart ferhaal fan op syn minst 1000 wurden te skriuwen dêr’t moard in ûnderdiel fan is. Sjoch foar mear ynformaasje op www.boekenfanfryslan.frl.

BoekMoardBoek, mei ferhalen fan en troch Sipke de Schiffart, Johan Veenstra, Jetske Bilker, Sjoerd Bottema en Erik Betten.

Freed 8 july, 20:00 oere
Café Het Grauwe Paard, Marssum
Muzyk: Reinout Weima & Bokke Rypma
Tagong fergees