In konsert oer frijheid fan de minsklike geast. Op 15 jannewaris 1941 wienen 5.000 kriichsfinzenen ien en al ear foar de premjêre fan ‘Quatuor pour la fin du temps’ fan Olivier Messiaen, útfierd op in âlde fioele, in gammele klarinet, in ûntstimde piano en in sello mei trije snaren. In útfiering wêrfan’t Messiaen letter sei: “Noait earder is der mei safolle oandacht en begryp nei myn muzyk harke.”

Quatuor pour la fin du temps (‘Kwartet foar de ein fan de tiid’) is in komposysje basearre op stikken út Iepenbieringen, it lêste Bibelboek, oer de ein fan ’e wrâld, wêryn’t de ingel seit: “… der sil gjin tiid mear wêze”. De yn Boalsert wenjende dichteres Aggie van der Meer, oan wa’t ferline jier de Gysbert Japixpriis takend waard, skreau spesjaal foar dizze gelegenheid de gedichtesyklus: ‘De tiid, it duorjen’. Sân gedichten dy’t oanslute by de acht dielen fan Quatuor pour la fin du temps. Utfierders: Marjolein van Dingstee – fioele; Corien Kok – sello; Pauli Yap – piano; Pierre Lafay – klarinet; akteur Thijs Feenstra – tekst.

It konsert stiet yn it teken fan 75 jier frijheid en is in inisjatyf fan Hoite Pruiksma en syn Stichting UP.

Beide konserten binne ûndertusken folslein útferkocht.