In feestlike jûn fol ferhalen, muzyk en belibbing.
Dit jier bestiet de Tresoar kolleksje fan hast 60.000 boeken oer de tiid fan de Griken en Romeinen 150 jier. Tagelyk ferskynt Attische Nachten fan Aulus Gellius – it âldste hânskrift út de kolleksje fan Tresoar (út 836!) – foar it earst yn it Nederlânsk.
Dizze bysûndere saken binne dé oanlieding foar in brûzende “Grykske” jûn yn Tresoar. Lit dy ferrasse troch sfearfolle muzyk, dûns, ynspirearjende lêzingen, workshops en noch folle mear. Untdek hoe’t it gedachtegoed fan de âldheid hjoed-de-dei ek noch aktueel is.
Mis it net en fier in bysûndere mylpeal by de Attyske Nachten yn Tresoar! De jûn en aktiviteiten binne tagonklik foar elkenien. Foar in pear workshops wurdt in lytse fergoeding frege.
Elkenien is wolkom en oanmelde is net nedich. Wolst wis wêze fan in plakje by in workshop of lêzing? Sjoch it programma yn it blokkenskema en reservearje dyn ticket(s) fia de webside.
Ferhalejûn 2026 Mei it programma slut Tresoar oan by Ferhalejûn 2026 mei it tema Mijn Roots – Myn woartels.
Nei de webside →
