Op útnûging fan Stichting Literaire Activiteiten Heerenveen komt Annejet van der Zijl nei It Hearrenfean. Annejet van der Zijl hat har pubertiid trochbrocht yn Ljouwert. Hoe wie it om puber te wêzen yn Ljouwert?
Van der Zijl waard berne yn 1962 yn Oterleek, by Alkmaar, yn in leararehúshâlding. Nei in ferhuzing nei Fryslân folge se it fuortset ûnderwiis oan it Kristlik Gymnasium yn Ljouwert. Se studearre Massakommunikaasje oan de Universiteit fan Amsterdam en wurke ynearsten as sjoernalist.
Har boeken binne baanbrekkend: de biografy Anna. Het leven van Annie M.G. Schmidt, Sonny Boy, Bernhard. Een verborgen geschiedenis, Moord in de Bloedstraat, Gerard Heineken, De Amerikaanse prinses, De val van Annika S., Leon & Juliette (boekewikegeskink 2020), Fortuna’s kinderen, Het sneeuwklokjesbos en har meast resinte De zwevende wereld (augustus 2025). Mei skerpe research en meislepend proaza bringt se fergetten of ferburgen ferhalen út de Nederlânske skiednis oan it ljocht.
Foto: Els Zweerink
Nei de webside →