Allerearste ELLA! lêzing troch Karin Amatmoekrim
Tiisdeitejûn 1 desimber jout skriuwer Karin Amatmoekrim de allerearste ELLA! lêzing. De lêzing is neamd nei Ella Wassenaer, ien fan de pseudonimen fan de produktive en fernijende Fryske skriuwster Lipkje Post-Beuckens (1908-1983), dy’t ek de nammejouster is fan it ELLA! kollektyf.
ELLA! is in groeiende groep minsken dy’t har sterk makket foar literatuer fan frouwen yn Fryslân. Ljouwert UNESCO City of Literature wol mei de ELLA! lêzing in poadium biede oan froulike skriuwers mei in belangryk ferhaal.
Grenzend aan liefde
Karin Amatmoekrim sil yn de ELLA! lêzing djipper yngean op it ‘nieuwe verhaal over Nederland’ dat se beskriuwt yn har persoanlike pleidoai Grenzend aan liefde (2026). Nederlân is allang net mear it lân dat Nederlanners fan eartiids koene. It is lykwols ek net it it ‘beloofde land’ dat oan de nije Nederlanners foarhâlden waard. Wa’t we wól binne, is ien fan de meast beladen fragen fan ús tiid. No’t gefaarlike langsten nei it ferline de politike en sentimintele boppetoan fiere, freget Karin Amatmoekrim har ôf: is it net tiid foar in nij ferhaal? In ferhaal dat syn woartels miskien fynt yn it ferline, mar dat krekt dêrom no mei klam sprekt oer fatsoen en beskaving, en miskien sels nei doart te tinken oer leafde. In sêft ferhaal dat himsels kwetsber en machteleas wit yn in tiid wêryn’t spierballetaal en it rjocht fan de sterkste de toan útmeitsje, mar dat dóchs ferteld wurde wol. Grenzend aan liefde is in yntime en sels kwetsbere syktocht nei it besteansrjocht fan in fatsoenlike mienskip yn ekstreemrjochtse tiden.
Karin Amatmoekrim (Paramaribo, 1976) jildt as ien fan de skerpste en meast empatyske hjoeddeiske tinkers fan Nederlân. Se skriuwt essays oer ferswijd ferline foar De Correspondent, wie fêste kolumnist foar NRC Handelsblad en skreau ferhalen en opinystikken foar ferskate media.
Op jonge leeftiid emigrearre Amatmoekrim fan Suriname nei Nederlân en rûne hjir it gymnasium ôf. Har middelbereskoalletiid foarme de basis foar de mei in soad lof ûntfongen roman Het gym út 2011. Har stúdzjes psychology en moderne letterkunde rûne se ôf mei in skripsje oer de etnisiteit yn de Surinaamske literatuer.
Har twadde roman Wanneer wij samen zijn (2006) is basearre op har famyljeskiednis, dy fan trije generaasjes islamityske Javanen yn Suriname en Nederlân en fan âlde en nije wrâlden dy’t mei elkoar botse. De man van veel út 2013 giet oer de Surinaamske antikoloniale skriuwer en fersetsstrider Anton de Kom. Yn 2016 publisearre Amatmoekrim it autobiografyske Tenzij de vader, dêr’t in dokumintêre oer makke waard foar Het uur van de wolf (‘De jacht op mijn vader’, regy: Gulsah Dogan).
Amatmoekrim promovearre yn 2023 op de biografy fan Anil Ramdas, In wat voor land leef ik eigenlijk? Anil Ramdas, onmogelijk kosmopoliet. Foar dit boek krige se de Nederlandse Biografieprijs fan 2024. Op dit stuit wurket se oan in skiednis fan Suriname.
Praktyske ynformaasje
De presintaasje fan de ELLA! lêzing op 1 desimber is yn hannen fan sjoernalist en skriuwer Kirsten van Santen (De Bilt, 1975). Van Santen treedt faak op as deifoarsitter en moderator by literêre festivals. Se is oplaat as kultureel antropolooch en wurke goed 25 jier as keunstredakteur en kolumnist by de Ljouwerter Krante en Dagblad van het Noorden. Yn maart 2022 debutearre se mei har literêre non-fiksjeboek Water pakken. Har twadde boek ferskynt begjin 2027. As tekstskriuwer is se nau belutsen by kultureel poadium De Utrecht yn Ljouwert, se sit yn de sjuery foar de Anton Wachterpriis foar it bêste literêre debuut en is lid fan de redaksje fan tydskrift De Moanne.
De ELLA! lêzing sil plakhawwe yn de Oranjeseal fan it Stedhûs yn Ljouwert (Hofplein 38). Nei ôfrin fan de lêzing is der in neipetear mei Karin Amatmoekrim ûnder lieding fan Kirsten van Santen. Foar wa’t wol is der dêrnei gelegenheid om nei te praten ûnder it genot fan in hapke en in drankje. De tagong is fergees, mar it oantal plakken is beheind dus meld dy oan!
19.30 oere – ynrin
20.00 oere – start programma
20.45 oere – neipetear
21.15 oere – buorrel
22.00 oere – ein programma