Dit jier bestiet De Moanne 25 jier! In mylpeal dy’t op 25 septimber fierd wurdt mei (âld-)redaksjeleden, skriuwers, makkers, trouwe lêzers en elkenien dy’t yn de ôfrûne fearnsiuw by it literêre tydskrift belutsen west hat.

Programma

Haadredakteur Amarins Geveke sil it wurd nimme om werom te sjen op wat foarby is én foarút te sjen nei wat komt. Dichter en Gjalp-winner Remco Kuiper draacht foar ûnder muzikale begelieding. Einredakteur Tsjerk Bottema giet yn petear mei meiwurkers fan doe en no oer it ferrin fan dizze 25 jier.

De covertentoanstelling mei in seleksje út it argyf fan De Moanne wurdt iepene. Fansels binne der hapkes en drankjes by dit jubileumfeest.

Oanmelde: stjoer in mail nei ynfo@demoanne.nl mei as ûnderwerp ‘Oanmelding jubileum’

Nei de webside →