Skriuwer, dichter en performer Joost Oomen komt nei Snits om te fertellen oer syn roman Het paradijs van slapen. Hjirmei is er nominearre foar De Inktaap 2026, de jongereinpriis fan de Nederlânske literatuer. De roman fertelt op ferrassend fleurige wize oer Gerrit Blauw, dy’t in moai libben hân hat en dat no beëinigje wol – net omdat er siik is, mar omdat er syn noflike libben ‘moai’ ôfrûnje wol. Foar it skriuwen fan dizze roman ynterviewde Joost Oomen syn heit, dy’t yn Friesland euthanasiearts is.

NRC joech it boek fjouwer stjerren en skreau: ‘Dat is Joost Oomen dus gelukt: een lichte, vrolijke roman schrijven over euthanasie, die het leven voert dat mooi geweest is ‘.

Oomen (1990) groeide op yn Ysbrechtum en is bekend fan syn kollums foar de Ljouwerter Krante en it Dagblad van het Noorden. Syn dichtbondel Lievegedicht belibbe werprintinge nei werprintinge – foar poëzy ongekend.

Foto: Esther Lutgendorff

Nei de webside →