Adwin de Kluyver skriuwt syn earste jeugdroman: Aouda & Passepartout. It is in spannende werskriuwing fan Jules Vernes klassieker Reis om de wereld in tachtig dagen.
Yn it orizjineel slút de rike Phileas Fogg yn 1872 in weddenskip ôf: yn tachtich dagen reizget hy de wrâld rûn. Yn De Kluyvers nije ferzje fertelle twa oare stimmen it ferhaal. Passepartout, de opstannige Frânske betsjinner dy’t as jonge revolúsjonêr út Parys flechte is, en Aouda, de achttjinjierrige Yndiaaske widdo dy’t ûnderweis fan ‘e brânsteapel rêden wurdt.
De Kluyver skriuwt yn hearlike, byldrike taal. De twa protagonisten stride net allinnich tsjin de klok en in resjersjeur fan Scotland Yard, mar foaral foar harren eigen frijheid. Wa wolle sy wêze?
Adwin de Kluyver wennet en wurket yn Ljouwert (yn de Blohúspoarte) en soms op Flylân. Earder brocht hy meardere boeken foar folwoeksenen út oer poalekspedysjes en ûntdekkingsreizen. Aouda & Passepartout ferskynt 2 juny by útjouwerij Lemniscaat.