Hiel Nederlân lêst Het diner fan Herman Koch. Fan 1 novimber ôf kinst Het diner fergees ophelje yn de biblioteek. Ek ast noch gjin lid bist!

Itselde boek lêze bringt minsken byinoar. Dêrom lêze we yn novimber 2026 mei hiel Nederlân Het diner fan Herman Koch. ‘Heel Nederand Leest’ is in gearwurking fan Hebban, de grutste lêscommunity fan Nederlân, en ferskate biblioteken. Der is online en ek yn ferskate biblioteken fan alles te dwaan. Lêsto mei?

Herman Koch (1953) skreau de wrâldferneamde roman Het diner (2009), dy’t oan tsientallen lannen ferkocht waard en wikenlang op de bestsellerlist fan The New York Times stie. Twa pearen geane in jûn út iten. Se prate oer deistige dingen, mar ûndertusken mije se wêr’t se it eins oer hawwe moatte: har bern. Dy hawwe tegearre wat úthelle wat har takomst ferrinnewearje kin.

Het diner is in bloedstjurjend ferhaal oer de fraach yn hoefier’tst as âlder ferantwurdlik bist foar de dieden fan dyn eigen bern. Dit kado fan de Biblioteek nûget dy út om dêroer mei-elkoar yn petear te gean.

Wolst meilêze? Helje it boek op en doch mei oan de lêschallenge of lêsklup fia Hebban. Wat fierder ek noch kin:

De Nasjonale Lêsmaraton
VPRO set Het diner sintraal yn it nije boekeprogramma De Nationale Leesmarathon dat op 8 novimber live op de NPO útstjoerd wurdt. Yn it programma lêze pommeranten yn estafettefoarm Het diner foar.

Goed Verhaal-app
Wolst meilêze mar hast gjin eksimplaar bemachtigje kinnen? Lês dan mei fia de Goed Verhaal-app, beskikber yn dyn app store.

Tourskema
Yn de moanne novimber sille ferskate skriuwers, wêrûnder Herman Koch sels, by de biblioteken del foar Heel Nederland Leest. Besjoch it toerskema foar Fryslân hjirûnder en de hiele Nederlânske toer fia de webside heelnederlandsleest.nl

10 novimber / 19.30 o. Biblioteek Drachten yn Drachten (Lex Paleaux)
GIET NET TROCH 11 novimber / 14.30 o. Biblioteken Mar en Fean yn Snits (Philip Huff)

Heel Nederland Leest