Skriuwer en regisseur Philip Huff (Naarden, 1984) publisearre fiif romans – dêrûnder Niemand in de stad en Wat je van bloed weet – in ferhalenbondel, in essaybondel, in dichtbondel en in novelle. Ek regisearre hy twa koarte films en op it stuit wurket er oan syn earste spylfilm. Der is al in soad skreaun oer syn barre jeugd en hertkwaal, dus dy tema’s litte wy op in sinnige dei yn de bosken fan Epe lekker oan ús foarbygean. Foar LETTER hawwe wy it oer De gedichtenapotheek. De ôfrûne tweintich jier sammele en sette Philip Huff gedichten oer, dy’t er út en troch ferstjoerde oan freonen en famylje, yn de hoop dat se wat hâldfêst jaan soene yn roerige tiden. De gedichtenapotheek is hjir in blomlêzing fan: fyftich treastende, ferlichtsjende en ynspirearjende gedichten, elk mei in eigen yntroduksje, dy’t resonearje mei ferskillende moedstastannen.

Tekst en foto: Marc Knip

Do neamst poëzy in medisyn. Sels ûnderfûnst dat foar it earst as jonge jonge mei leafdesfertriet by it lêzen fan in gedicht fan Hans Lodeizen.
‘Ik bedoel dat poëzy in medisyn wêze kín. It is fansels folle mear, mar mei De gedichtenapotheek beljochtsje ik dat aspekt derfan. Ik hoopje dat elkenien it yn syn as har libben wolris hat of ûnderfine sil: dat wurden dy treaste, it libben ferlichtsje, dy optillen en soms sels kantelje litte hoe’tst nei wat sjochst, sadatst datjinge dêr’tst mei wrakselest loslitte kinst, oerwinne kinst of sêfter besjen kinst. Leafdesfertriet, bygelyks, bestiet yn alderlei foarmen: dyn relaasje rint speak, dyn partner ferstjert, dyn leafde is ûnberikber. Hans Lodeizen is in master yn it besjongen fan dat fertriet en ik fûn as kânsleas fereale puber in soad treast yn syn wurk. It bysûndere is dat wy opgroeiden yn fergelykbere miljeus, hy yn Wassenaar, ik yn Naarden en Laren, beide mei in dominante heit. Dat wist ik as fyftjinjierrige allegear noch net, dochs fielde ik my fuortdaliks ferbûn mei him.’

Wat barde der mei dy doe’tst it liest?
‘Ik wist: dit is poëzy dy’t my helpe kin om de wrakseling mei it libben te ferwurdzjen, dêrtroch mooglik wat better te begripen en der sa sêfter nei te sjen. Ik fielde: der is ien dy’t my begrypt, ik bin net de iennichste. Ik fiel my in idioat, mar dat is nergens foar nedich. Ek slagge it my om op in oare manier te sjen nei wat der barde: wat ik foar immen fiel, is in ferriking fan myn libben en makket my in moaier minske, ek as it net rint sa’t ik it wol. Wat poëzy sa bysûnder makket, is dat it in hânfol wurden is op in fierder wite side. In freondinne fan my neamt dat it netto útlekgewicht. Dêr sitte moannen fan tinzen en wiken fan wurk yn. Krekt om’t poëzy wat fan dy freget, krijst der safolste mear foar werom.’

En hoe kaamsto as 15-jierrige yn oanrekking mei poëzy?
‘Ik groeide op yn it privileziearre Laren. It stiet bekend as keunstnersdoarp, mar der wenje foaral in soad televyzjeminsken, bankiers en advokaten. Laren hie lykwols wol in hiel goede biblioteek, dêr’t ik faak kaam. It diel foar folwoeksenen en foar bern wie net strikt skieden, dus koest der noflik omdoarmje. Dêr leit de basis foar myn leafde foar lêzen. Ik begûn as njoggenjierrige mei Imme Dros, letter kamen James Salter, Virginia Woolf, James Baldwin. Mar dat ik yn oanrekking kaam mei poëzy, wie it gefolch fan ien fan dy trochslachjaande mominten dy’t je libben foarmje kinne, rjochting jaan kinne: de mem fan in freondintsje seach myn leafde foar taal en joech my it sammele wurk fan Lodeizen. Ek hie ik in dosinte Nederlânsk dy’t my oanmoedige by it skriuwen fan myn eigen poëzy. Ik bin der hillich fan oertsjûge dat sokke minsken it ferskil meitsje kinne. As ik dy bondel fan Lodeizen net krigen hie, hie my libben hiel oars rinne kinnen.’

Dan hiest faaks noait in gedichte-apoteek gearstald. Kinst der wat oer fertelle?
‘Alle gedichten dy’t ik keas, binne yn gewoane taal skreaun, mar troch de dichter optild nei in djippere laach. Twad ha ik hiel goed sjoen nei hokker gedichten wat lingte en toan oangiet passe by in apoteek. Myn eigen wurk soe bygelyks net geskikt wêze, dat is faak wat fertrietlik fan toan. Yn De gedichtenapotheek fynst yn haadsaak treastrike, libbensbefêstigjende gedichten. Ik jou by elk wurk in koarte ynlieding, in yndikaasje fan in mooglike lêzing. Dêrmei sis ik allinnich datst it gedicht sa en sa lêze kinst. Uteinlik is de ynterpretaasje oan de lêzer: it bliuwt ommers poëzy.

Wat makket poëzy út soarte sa geskikt as treast?
‘Immen hat oait sein: romans oerlibje de holocaust net, poëzy wol. En dêrmei waard neffens my bedoeld dat, omdatst gedichten út ’e holle leare kinst, se hiel ticht by dy komme te stean en datst dêrtroch tsjinslach drage kinst. Poëzy hat de krêft om oan it ûnsisbere te reitsjen. Dat betsjut fansels net datst gjin klappen fan it libben mear krijst. As myn kardiolooch seit, lês dit gedicht mar, dan is dat fansels gjin oplossing foar myn hertproblemen. Mar it kin my wol helpe om dermei om te gean. Poëzy, lêze sawiesa, jout hoop en kin liede ta geloksmominten.’

Hast foarbylden?
‘Ik moat tinke oan it autobiografyske gedicht Frühling 1938 fan Bertolt Brecht, dat net yn De gedichtenapotheek stiet, skreaun oan de foarjûn fan WOII. Brecht fielt al oankommen wat der op kommendeweis is, hy is mei syn húshâlding op in eilantsje yn Dútslân. It is maitiid, mar der is in sniestoarm. It soantsje fan Brecht komt besoarge yn ’e hûs en tegearre lizze se in sek oer in fruchtbeamke, as beskerming tsjin ’e kjeld. De ûnderfining fan ergens sitte en in gedicht lêze oer wat dat mear as tachtich jier lyn bard is, dat minsklikens sjen lit yn tiden fan ûnheil dat tichter by komt, dat is sa moai. Krekt as dy kear dat ik op fakânsje yn Grikelân troch myn boeken hinne wie en yn in hiel lyts boekwinkeltsje in prachtige roman fan James Stalter oantrof.’

Hast lêsrituelen?
‘Ik lês eins oeral. Doe’t ik yn New York wenne, lies ik altyd yn ’e metro. Ik ha standert in boek yn ’e auto te lizzen. As ik immen ôfhelje fan it stasjon en stean te wachtsjen, dan lês ik. Wat soe it moai wêze as minsken boeken krekt sa brûke soene as har telefoan. Sels besykje ik yn elk gefal moarns in essay te lêzen, jûns in gedicht en tuskentroch de rest. Kinst de dei ek wol begjinne mei doomscrollen, neat yn it neidiel fan ’e krante, mar ik fyn dat hoe mear tiid minsken oan wat bestege hawwe, hoe mear tiid it fan dy fertsjinnet. Dus ik lês leaver in gedicht as in column.’

Wat seist tsjin minsken dy’t poëzy ûntdekke wolle? Wat kin it se bringe?
‘Ik wie fan ’e wike op in skoalle foar in lêzing foar de eineksamenklassen. Ik prate mei de learlingen yn earste ynstânsje oer myn wurk en de personaazjes deryn. Dêrút wei ûntstie as fansels in sokratysk petear oer wêr’t al dy karakters mei wrakselje, wêzentlike dingen dy’t op in soad plakken ek reitsje oan wêr’t de learlingen mei sitte: heteronormativiteit, ferwachtingen fan âlden, neam mar op. Ik besykje dan de klam te lizzen op de wearde fan literatuer troch derop te wizen dat skriuwers as Nescio en Virginia Woolf wrakselen mei deselde dingen. En datst mei dizze minsken yn petear gean kinst troch harren wurk te lêzen.’

Lêstips top 3 fan Philip Huff

Imme Dros – Odysseus, een man van verhalen (Querido, 1995)
‘Dros fertelt it ferhaal fan Odysseus, ek op metanivo: in man dy’t wurden en ferhalen brûkt om it libben nei syn hân te setten. Ik wie in lyts mantsje mei in grutte mûle doe’t ik dit boek foar it earst lies. It wie foar my in iepenbiering om te sjen hoe’t wurden de rin fan ’e dingen ek echt beynfloedzje kinne.

Konstantinos Kavafis – Ithaka
‘Dit is ien fan de moaiste gedichten dy’t ik ken. Treastryk, om’t it hiel boeddhistysk is. It gedicht ferbyldet op in prachtige manier dat it net giet om it finen fan de ferljochting sels, mar om de wei derhinne. As it eindoel ôffalt, betink dan hoe moei’t it paad wie, wol Kafavis sizze. It is in masterwurk.’

Christopher Logue – War Music
‘In gedicht dat ik alle jierren wer lês. It is in werfertelling fan de Ilias fan Homerus. War music is in wurk datst op likefolle hokker bledside iepenslaan kinst om te begjinnen mei lêzen. In wichtich gedicht yn myn libben.’