De populêre en faak bekroande skriuwer Connie Palmen komt nei Biblioteek Hearrenfean foar in wiidweidich ynterview. Se fertelt oer har libben, har wurk en de tema’s dy’t hieltyd weromkomme yn har boeken.

Sintraal stiet har nijste boek Johnnie Walker. Der is ek omtinken foar har brede literêre oeuvre en har betsjutting foar de Nederlânske literatuer. Connie Palmen debutearre mei De wetten. Dêrnei skreau se gâns romans en essays dêr’t filosofy, literatuer en persoanlike ûnderfiningen yn byinoar komme. Tema’s as wierheid en fiksje, lichem en geast, leafde, ferlies en identiteit spylje in wichtige rol yn har wurk.

Foar har roman Jij zegt het, oer Ted Hughes en Sylvia Plath, krige se de Libris Literatuer Prijs. Har folsleine oeuvre waard bekroand mei de Constantijn Huygens-priis.

Boekhannel Binnert Overdiep is oanwêzich mei in boeketafel. Yn it skoft en nei ôfrin kinst in boek sinjearje litte troch Connie Palmen.

Nei de webside →