Wat makket in brief sa bysûnder? En wat giet der ferlern as we inoar foaral berjochten stjoere fia telefoan en sosjale media? Margriet Kemper en Froukje Reitsema ûndersykje yn harren nije foarstelling de krêft, yntimiteit en betsjutting fan brieven.
Nei harren eardere foarstelling Elkaars Andere bringe hja op ‘e nij in kollaazje-eftige foarstelling dy’t brieven sintraal stelt. Brieven fan âlden, leafsten, freonen en skriuwers foarmje de reade tried. In berjochtsje wurdt binnen in sekonde ferstjoerd en net ien is mear ûnberikber fier fuort. Dochs dûkt de brief krekt op wichtige mominten yn it libben noch hieltyd op – by ôfskied, oantinken en ferlies wurdt de krêft fan skreaune wurden op ‘e nij fielber.
De makkers lêze foar út eigen en liende brieven. Ek wurde teksten dield fan Vincent van Gogh, Virginia Woolf, Simone de Beauvoir, Charlotte Brontë, Pedro Salinas en Jean-Paul Sartre. Ferhalen út ferskate tiden en libbens reitsje inoar en foarmje mei-inoar in foarstelling fol oandwaning, hertstocht, beskôging en humor.
Nei de webside →