Bist nijsgjirrich nei literatuer, nije stimmen en moeting? Kom dan nei it Literêr kafee dat yn it teken fan de Gjalp stiet. Mei optredens, live muzyk en omtinken foar nije priisfragen wurdt it in ôfwikseljende en ynspirearjende jûn.

Gjalp jout romte oan stimmen dy’t heard wurde meie, troch iepen oproppen út te skriuwen yn ferskillende tema’s. In tal winners fan de earste twa edysjes fan de Gjalp krijt dizze jûn it poadium. Erik de Boer bringt in fragmint út syn Fryske Oersonate, dy’t yn juny op Oerol yn premjêre gien is, Myrte Marije Veenbaas en Joël fertelle hoe’t se har winnende wurk útbouwe ta in produksje dy’t op in waadfestival útfierd wurde kin en Marije de Lange bringt de foardracht dêr’t se ferline jier it Noardlik Film Festival mei iepene. Sa biedt de Gjalp-jûn net allinnich in poadium foar har wurk, mar ek in blik op hoe’t se har ideeën en projekten fierder ûntwikkelje.

Der is muzyk fan Hûs fan de Skries (Axl Hofstede en Wilco Hoekstra) en derneist is spesjaal omtinken foar de Tony Feitsmapriis. Boppedat sjogge we foarút nei wat komt: dizze jûn wurdt de Gjalp 2027 oankundige.

Nei de webside →