Oftst no op syk bist nei in razendflugge pageturner, in koel plak om te ûntsnappen oan de hjitte, of ynspiraasje foar dyn folgjende aventoer – Biblioteek Drachten is dyn plak dizze simmer. De hiele simmer stiet it fol mei kreative aktiviteiten foar jong en âld.
Wandelen met Woorden bringt dy byinoar mei oaren, it Schrijfcafé jout dy romte foar dyn eigen ferhaal. Foar bern is der de Zomer Speurtocht (5 +), Voorleesavontuur & Schatkistgeheimen (4 +) mei nifelwille, en in kreative draakjesworkshop (vliegers) mei Hester van End of April (6 +).
Bist al folop oan it tarieden op it nije skoaljier? By it Kaftcafé makkest dy dyn skoalboeken eigen en yn it MakerLab (12+) personalisearrest dyn iPad of laptophoes. Biblioteekleden meie de hiele simmer ekstra lang materiaal liene. Foar wa’t noch net of net mear lid is: in simmerabonnemint kostet € 7,50 foar trije moanne. Ek is der in boekferkeap mei de fakânsje.
Nei de webside →