Op 20 juny waard bekend dat skriuwer, dichter en oersetter Eppie Dam ferstoarn is. Hy lit in ryk Frysk oeuvre nei.
Eppie Dam kaam fan Kollumerpomp en wurke as ûnderwizer op Urk en yn Balk. Hy wie produktyf en alsidich: gedichten, berneboeken en geastlik wurk, en yn elke foarm ek oersettingen. Hy makke kantates mei ferskate komponisten en brocht de Mattheüspassy yn de ferzje fan Jan Rot nei it Frysk. Yn 2023 skoep er syn eigen Fryske passy. Yn 2024 folge Pompster Psalmen, in autobiografy yn fersen.
Ek foar Ljouwert City of Literature skreau Eppie Dam. Hy makke in gedicht foar de literêre krystkaart (2021) wêrmei’t we it personiel fan it MCL yn Ljouwert betanken, by in byld fan Janine van Zeeland. Foar Lyts Gelok (2025) skreau er Gjin sin oan trek.
Op de webside fan syn útjouwer kinst in in memoriam lêze.