Op freed 2 oktober organisearret De Samenleesclub, yn gearwurking mei buerthuzen, biblioteken, soarchynstellings en Omroep MAX, de fjirtjinde edysje fan de Nationale Voorleeslunch. Spesjaal foar dizze dei skriuwt auteur Joke van Leeuwen it foarlêslunchferhaal. Dat waard hjoed bekend makke yn it KRO-NCRV-programma De Taalstaat op NPO Radio 1. It ferhaal wurdt op hûnderten lokaasjes troch hiel Nederlân foarlêzen oan tûzenen âlderen. Van Leeuwen lêst har ferhaal dy dei foar by Omroep MAX.
Joke van Leeuwen wurket graach mei oan de Nationale Voorleeslunch: ‘Voorlezen en voorgelezen worden is iets moois waar geen leeftijd op staat. Ooit, toen mijn moeder nog leefde en zich een verhaal herinnerde dat ze door haar slechte ogen niet meer zelf kon lezen, heb ik haar door de telefoon dat hele verhaal voorgelezen. Dus ja, laten we dat voorlezen en voorgelezen worden maar nooit afleren.’ Akke Visser, direkteur fan De Samenleesclub: ‘We zijn ontzettend blij dat Joke van Leeuwen dit jaar het voorleeslunchverhaal schrijft. Haar werk sluit prachtig aan bij waar de Nationale Voorleeslunch voor staat: ontmoeting, verbeelding en het delen van verhalen.’
Ien ferhaal foar elkenien
It ferhaal fan Joke van Leeuwen wurdt op 2 oktober yn biblioteken, buerthuzen en soarchynstellingen troch it hiele lân foarlêzen troch lokale helden, bekende Nederlanners en frijwilligers. De Samenleesclub soarget der tegearre mei partners foar dat safolle mooglik âlderen genietsje kinne fan dit mienskiplike lêsmomint. Omroep MAX stjoert it ferhaal út op NPO 1. Sa kinne âlderen ek thús meiharkje. Passend Lezen fersoarget ferzjes yn braille en sprutsen foarm. Yn gearwurking mei de Afûk ferskynt in Fryske oersetting fan it ferhaal. Ek komt der in ferzje yn it Papiamintsk en wurdt it ferhaal hertaald yn ienfâldige taal.
Oer Joke van Leeuwen
Joke van Leeuwen (1952) is skriuwer, dichter, yllustrator en performer. Sy heart ta de meast bekroande auteurs fan Nederlân en skriuwt foar bern likegoed as foar folwoeksenen. Mei har roman Feest van het begin wûn se de AKO Literatuerpriis. Foar har oeuvre krige sy ûnder oare de Gouden Ganzenveer, de Constantijn Huygens-priis en de Tollenspriis. Okkerdeis ferskynde har nije boek Plooi u in tweeën.
Oer De Samenleesclub
Mei leechdrompelige lêsaktiviteiten lykas mei-inoar lêze-groepen bringt Stichting De Samenleesclub minsken byinoar yn biblioteken, buerthuzen, soarchynstellingen en Odensehuzen troch it hiele lân. Minsken lêze der tegearre lûdop romanfragminten, ferhalen en gedichten dy’t útnûgje ta weardefolle petearen en soargje foar lêsplezier en werkenning.
Mear ynformaasje oer de Nationale Voorleeslunch: nationalevoorleeslunch.nl
Mear ynformaasje oer De Samenleesclub: desamenleesclub.nl
Foto: Stefaan Temmerman