De sânde edysje fan ús magazine LETTER sit op freed 26 juny as simmerske lêsbylage by Leeuwarder Courant en Friesch Dagblad. It tema is dit kear: opgroeie, folwoeksen wurde.

Ynhâld

Yn it magazine fynst ûnder mear: in dûbelynterview mei skriuwsters Lida Dykstra en Anne-Goaitske Breteler, in oersjoch fan bepalende berneboeken troch de jierren, in ynterview mei skriuwer Benny Lindelauf, in strip, wurk fan fiif generaasjes dichters en in soad boeketips.

Online en ophelje

Op dizze webside fynst it magazine ek online. Fan moandei 29 juny ôf wurdt LETTER op goed 90 lokaasjes (wêrûnder boekhannels en biblioteken) ferspraat yn de provinsje, dêr’tst it blêd dêrnei – salang’t de foarried strekt – ôfhelje kinst.

Foto: Mirjan van der Meer