Anne-Goaitske Breteler is Frysk skriuwster, sjoernalist en antropologe. Se groeide op oan de foet fan de seedyk yn Fryslân, tusken Nes en Easternijtsjerk. Se is de dochter fan sjonger en keunstner Gerrit Breteler en kultureel ûndernimmer Anke Bijlsma.
Har boeken toane har brede belangstelling: De traanjagers (2018) oer de walfiskfeart, it Fryske jeugdboek In nuvere nacht (2020), De laatste dagen van de dorpsgek (2024) oer de geastlike sûnens op it plattelân. Oan ‘e ein fan De Oere ferskynde yn 2025 as it Frysk Kadoboek. Dêrneist makket se podcasts en tentoanstellingen.
Nei de webside →