Diele fan it Waad is der wer, mei in nije datum, wat oanpaste tiden, mar op itselde moaie plak.

De foarige kear moasten wy ús spitigernôch oerjaan oan de wil fan de waargoaden, mar wy leare fluch en binne dit kear better taret. Mocht er wer in ûnwaarsbui op komst wêze, ferhúzje wy nei binnen by De Zwarte Haan. Fansels gean we der fanút dat it moai waar wurdt en dat wy genietsje meie fan in prachtige neisimmerjûn op ‘e dyk, mei útsjoch oer it Waad.

Programma

Lara Kool, Elmar Kuiper, Geart Tigchelaar en Krista Niklewicz nimme it publyk mei yn harren Waad-ûnderfiningen. Besikers harkje nei op it Waad ynspirearre ferhalen, foardrachten, muzyk, ûnder it genot fan in hapke en in drankje dy’t – fansels – fan it Waad komme. In lytse wiziging yn it programma: de iepen mic komt dizze kear te ferfallen. Om’t de sinne al in stik earder ûnder giet, hawwe wy derfoar keazen om er letter dit jier in momint foar te organisearjen.

Wolst dit ek net misse? Meld dy (wer) oan fia ús Forms!

Sa kinne wy rekken hâlde mei it maksimaal tal gasten foar sitplak en soargje foar in lekker waadhapke en drankje foar elkenien.

‘Diele fan it Waad’ is in inisjatyf fan Aggie Meijer en Sylke Kingma, skriuwers dy’t harren leafde foar it Waad graach op dizze manier mei eltsenien diele.

Nei de webside →