Op International Mother Language Day presintearje UNESCO Cities of Literature wrâldwiid in nije digitale tentoanstelling: No Tongues Left to Chant. De tentoanstelling is in ynternasjonale gearwurking op inisjatyf fan Manchester City of Literature. Op de website steane gedichten yn 16 bedrige talen, wêrûnder it Frysk, Nederdútsk, Gaelic, Welsh, Jiddysk en sels twa talen dy’t gjin memmetaalsprekkers mear ha.
Ljouwert UNESCO City of Literature draacht by oan de tentoanstelling mei in gedicht sûnder titel fan de Fryske dichter Jan Kleefstra (1964). Syn poëzy draait om de impact fan de minske op ‘e ierde en de ûnskiedbere ferbining tusken alle libbene wêzens. Foar Kleefstra fielt it as kin skriuwen allinnich mar de útdrukking wêze fan in fassinaasje sa’t in bern dy hat. Skriuwen moat útdrukke wat de sintugen op abstrakte wize waarnimme – en dy wjerspegeling falt útien yn fragminten dy ’t diel útmeitsje fan in grutter, nea einigjend gehiel.
Kleefstra syn gedicht waard earder publisearre yn gearwurking mei de Belgyske keunstner Christophe Ywaska foar it projekt ‘Teleferick’ (2021).

Gearwurking mei Bremen UNESCO City of Literature
Spesjaal foar Ynternasjonale Memmetaaldei ha Cities of Literature Bremen en Ljouwert elkoars gedichten yn elkoars talen oersetten. It Länderzentrum für Niederdeutsch fersoarge in oersetting yn it Nederdútsk fan it gedicht fan Jan Kleefstra, wylst Ytsje Steen in Fryske oersetting makke fan it gedicht dat Christine Glenewinkel út Bremen bydroegen hat oan de digitale tentoanstelling. Yn Selenslötel skriuwt sy oer de djippere betsjutting fan taal en wat it betsjut om yn in oare taal te skriuwen – hjir in passaazje út de Fryske oersetting:
Yn it Platdútsk gie it skriuwen as fansels. Want yn it Platdútsk wie it in oar ik yn my dy’t skreau. In earlike stim, dy’t as in bern oan ’e hân fan in folwoeksene rint, dy’t dat bern gewoan dwaan lit. In stim dy’t him net earst skammet, mar earst fielt. In stim dy’t net klaget, mar docht en wit dat it hert gelyk hat.
De folsleine oersetting fynst hjir as download, en de oarspronklike tekst fan Christine Glenewinkel is yn it Plattdeutsch te beharkjen op de website fan Manchester City of Literature. Dêr fynst ek de folsleine digitale tentoanstelling dy’tst fergees besykje kinst. Besjoch de teksten en talen en ûntdek bysûndere skripts, foardrachten, opnames, yllustraasjes en in piktografyske taal!

Mei tank oan Manchester UNESCO City of Literature, Bremen UNESCO City of Literature, Literaturhaus Bremen en it Länderzentrum für Niederdeutsch.
Nei de webside →