Dyn literêre talint ûntwikkelje? Dan bist wolkom by de Skriuwersfakskoalle, in gearwurking fan Ljouwert UNESCO City of Literature, Tresoar en de Schrijversvakschool. Op woansdei 25 septimber set it lesblok Skriuwtechniken A wer útein by Tresoar yn Ljouwert.

Op woansdei 11 septimber fan 19:00 oant 21:30 oere is der in fergees tagonklike yntroduksjeles Skriuwtechniken A by Tresoar yn Ljouwert. Oanmelde foar de yntroduksjeles kin troch in e-mail te stjoeren nei kantoor@svsgroningen.nl. Wolst earst mear ynformaasje? Mail nei info@leeuwardencityofliterature.nl. 

Foto: Natalia Balanina

Nei de webside →