City of Literature Québec (Kanada) wie yn oktober gaststêd foar de jierlikse fergadering fan UNESCO Cities of Literature. De stêd frege har kollega-Cities of Literature wurk mei te nimmen foar twa projekten: Toponymie en Multivox.

Yn it projekt Toponymie lizze de Cities of Literature harren woartels bleat yn wurd en byld, en fertelle wêr’t harren namme weikomt: toponymen út it ferline, hjoed yn byld brocht. De wurken út de ferskate stêden wienen yn de wike fan de gearkomste te sjen op panelen yn de stêd en bliuwe online te sjen. Wy fregen Anne Feddema nij wurk te meitsjen foar dit projekt. Kinst it hjirûnder besjen en lêze.

Foar it literêre audiowurk Multivox hawwe 23 dichters út likefolle Cities of Literature harren gedichten ynsprutsen. Multivox wie op 12 oktober de iepeningsfoarstelling fan festival Québec en toutes lettres. Wy fregen Marrit Jellema wurk te meitsjen foar dit projekt. Hjirûnder kinst it lêze.

Ek nimme alle Cities of Literature alle jierren twa berneboeken mei nei de jiergearkomste, om achter te litten yn de biblioteek fan de gaststêd. Wy brochten Sipke komt op stoom fan Lida Dijkstra en Abe en aardichman fan Tialda Hoogeveen en Yke Reeder nei Québec.

Ljouwert-Leeuwarden Rock ‘n Roll Citystêd

Liowerd
Liouwerth
Lijowert
Leovard 
Hoehow Liou 
Werth waardwerd 
Therpdurpdoarp
Became a citystêd
Proto purpa Proto thurpa 
Trijetreedrie 
Toponamme
Name nomy 
Plak ûnder the sunzon 
Sinne…a Place to be
By the seezeesea 
In de luwte
Yn ’e lijte 
In the lee 
Too much te folleveel
Topomaniac 
Löwarden 
Leurdt 
Liwert 
Dêrdaar sittie 
In the village
In the stêdcity 
Oldehove 
Nijehove 
Hook
Binnenwithin 
Dethe familyties 
Time flies 
People 
Minskenmênsen
Tiid hâldt gjin skoft 
Memkemoekemotherma
Heitdadpappevaderfaar
Childrenkiendersbern 
Leafdelibben
Lovelife 
Liwwadden
Leewadden
Leeuwarden
Ljouwert 
Voilà le topo!

Anne Feddema