Wolst graach mear en bettere ferhalen skriuwe yn it Frysk? Dan bist wolkom by de Skriuwersfakskoalle, in gearwurking fan Ljouwert UNESCO City of Literature, Tresoar en Schrijversvakschool Groningen.
Yn it lesblok Skriuwtechniken komst yn ’e kunde mei de eigen skriuwstyl, learst om te eksperimintearjen, om te doaren, om it Frysk as skriuwtaal te brûken. Elkenien kin meidwaan oan de lessen Skriuwtechniken, om út te probearjen of it skriuwen en de Skriuwersfakskoalle echt wat foar dy is.
De Skriuwersfakskoalle is in mearjierrige oplieding en wurket mei in fêst kurrikulum: nei it lesblok Skriuwtechniken is it mooglik Skriuwtechniken B te folgjen. Dêrnei kinst, nei talitting, trochstreame nei it folgjende lesjier mei fakken as Proaza en Essay.
Op de Skriuwersfakskoalle krigest les fan skriuwers en learst fan inoar. Praatst oer de tekst, it skriuwen, en learst inoar op goeie wize kommintaar te jaan. Bist part fan de kultuer fan de skoalle.
Mear ynformaasje oer lesdata en yntroduksjelessen op: