Nei oanlieding fan de foarstelling ‘1000&1 Nacht’ fan Tryater hawwe sechstjin skriuwers (amateur en profesjoneel) meidien oan it skriuwprojekt ‘Cliffhangerje’, in programma fan Tryater Rûnom. Yn de geast fan de mearke-eftige fertellingen fan 1000&1 Nacht hawwe de skriuwers stikken fan in ferhaal skreaun mei oan it ein in cliffhanger. It ferhaal, skreaun mei pinne en papier, gie yn in slúf en dêrnei waard it op de bus dien. Sadree’t in slúf mei ferhalen by de folgjende skriuwer op ’e matte lei, hie hy of sy trije dagen de tiid om in ferfolch oan it feuilleton te skriuwen.

Mar nei in cliffhanger komt dochs altyd in ferfolch? Dêrom binne de ferhalen de hiele moanne july te beharkjen yn trije kuierrûtes, want ferhalen moatte ferteld wurde!

Sa wurket it

Yn Ljouwert binne trije rigen fan sa’n fiif ferhalen te beharkjen. Op de webside fan Tryater stean de rûtes mei de startpunten. It iennichste watst nedich hast, is in mobyl mei ynternet. It ferhaal begjint by in giele sticker op ’e grûn. Op dizze sticker stiet in QR-koade. Mei de kamera fan dyn mobyl kinst dizze koade scanne. Dan giest nei in online lûdsbestân. Hjir wurdt it ferhaal op foarlêzen. Lit dysels sa troch de stêd cliffhangerje nei (ûn)bekende plakken.

Untdek de rûtes

Nei de webside →