Mar leafst 33 dichters hawwe in fers foardroegen op de Grutte Gedichtejûn yn de smûke Rode Loper yn Ljouwert, freed 30 jannewaris. 

Der waard foardroegen yn it Nederlânsk, Katalaansk en fansels it Frysk troch jong en âld. Bekende nammen wêrûnder Arjan Hut, Janneke Spoelstra, Gabriëlle Terpstra en Elmar Kuiper dienen in foardracht. Ek nije talinten kamen op it poadium, wêrûnder Eelke Veltman, Sylke Kingma en Piter Zijlstra. De fersen waarden ôfwiksele mei de Frysktalige muzyk fan Mayte. 

De 14e edysje fan de Grutte Gedichtejûn waard presentearre troch Myrte Marije Veenbaas. De GGJ fynt alle jieren plak op de freedtejûn yn de wike fan de poëzij; elkenien is wolkom, dichters fan alle nivo’s en yn alle talen.

Foto: Geart Tigchelaar