Tartu, UNESCO City of Literature, nûget skriuwers en oersetters út om te sollisitearjen nei in residinsje fan twa moannen, fan april oant en mei maaie 2026. De residinsje falt gear mei it Ynternasjonale Literatuerfestival Prima Vista fan Tartu (11 -16 maaie), mei as tema ‘Wier en net wier’, dat de grinsgebieten tusken minsken en technology, natuer en kultuer, en realiteit en ferbylding ferkent.

De residinsje biedt in akkommodaasje yn it histoaryske Karl Ristikivi-appartemint, in moanlikse beurs fan € 600, in reiskostefergoeding oant € 350 en mooglikheden om diel te nimmen oan it brûzende literêre libben fan Tartu. Residinten nimme diel oan festivalaktiviteiten en lizze kontakt mei lokale skriuwers en kulturele ynstellings.

Wa’t sollisitearje kin: Skriuwers en oersetters (dy’t oersette fan it Estsk nei oare talen) mei op syn minst ien publisearre boek, senario, toanielskript of oersetting. Kandidaten moatte in boppegemiddeld nivo Ingelsk behearskje en ynteresse hawwe yn ’e Estske kultuer en literatuer.

Oanmeldingsdetails:

Deadline 23 febrewaris 2026

Bekendmakking resultaten begjin maart 2026

Klik hjir foar mear ynformaasje en oanmelding.