Utjouwerij Kleine Uil út Grins jout Een Alpenroman fan Simon Vestdijk op ‘e nij út. Op 23 maart wie it 50 jier ferlyn dat Vestdijk ferstoar.
Simon Vestdijk (1898-1971) wie in tige alsidige skriuwer dy’t religy, seksualiteit en moraal yn syn wurk ûndersocht. Hy groeide op yn Harns, in bernetiid dy’t hy letter opnaam yn syn Anton Wachter romans. Vestdijk studearre medisinen yn Amsterdam en wurke as waarnimmend húsdokter. Hy skreau 52 romans, wêrfan’t Terug tot Ina Damman, De kellner en de levenden, De koperen tuin en Ierse nachten it ferneamdst binne. Syn oeuvre hat noch gjin krêft ferlern.
Een Alpenroman, oer in leafde tusken twa froulju, ferskynde foar it earst yn 1961 en brocht de kritisi yn ‘e war. Trouw wie skrokken fan dizze ‘verboden vorm van geslachtelijke liefde’. It Algemeen Handelsblad skreau: ‘Dit boek is ziek, zo ziek.’
Dizze werútjefte hat in taljochting fan Doeke Sijens. Foar Tzum makke hy in tige wurdearre searje oer de histoaryske romans fan Vestdijk. Sijens spruts yn maart ek oer Vestdijk yn Tzums Literaire hemel fan maart.
Reinbôgesearje
Utjouwerij Kleine Uil begjint in searje mei klassikers út LGBT-literatuer. Romans dy’t it op ‘e nij publisearjen wurdich binne. Oarspronklik Nederlânske romans en oersettingen komme op ‘e merk yn in searje dy’t klassyk foarmjûn is, sadat nije generaasjes ek fan de rike literêre skiednis leare en genietsje kinne.
Yn ‘e parse:
‘Goed nieuws: Een Alpenroman is heruitgegeven.’
Literair Nederland
‘Nu, zestig jaar later, valt op hoe genuanceerd en invoelend Vestdijk de relatie tussen de twee vrouwen heeft beschreven.’
Joep van Ruiten yn Dagblad van het Noorden.
‘Simon Vestdijk was voor zijn tijd best woke.’
Ally Smid yn Trouw
foto: Eddy Posthuma de Boer