Tongersdei 18 april organisearren wy de twadde edysje fan ús netwurkgearkomste Lettertreffen, foar de literêre sektor yn Fryslân.

Ernst Bruinsma fertelde oer de plannen fan Ljouwert UNESCO City of Literature foar it kommende jier. Romkje de Bildt fan it Nederlands Letterenfonds en Harmen Akerboom fan de provinsje Fryslân joegen ynformaasje oer literêre subsydzjes. Correen Dekker en Kim Jelsma van Noordwoord fertelden wat sy foar it literêre fjild yn Grins dogge.

De besikers giene dêrnei nei dielsesjes oer literêre subsydzjes, gearwurking of it belûken fan jongeren. Der wie in Mei-inoar lêze-sesje en skriuwers koene in auteursfoto meitsje litte. De gearkomste waard presintearre troch Karen Bies. Nei ôfrin koe der noch even neipraat wurde mei in drankje.

Hjir sjochst de foto’s fan Lucas Kemper.

Hjir fynst it oersjoch mei literêre subsydzjes dêr’t we by Lettertreffen oer praat hawwe:

Wiest der by? Wy binne benijd nei dyn miening oer Lettertreffen.