Foar de hjerst/winteredysje fan LETTER ynterviewde Marc Knip skriuwer, (radio)kollumnist en senearist Lex Paleaux. Syn debút Winterwater ferskynt meikoarten yn it Frysk by útjouwerij Noordboek en de teäterferzje giet yn jannewaris 2024 yn premjêre.

Winterwater yn it teäter

It jonge figureteäterselskip Studio Figur, de yn it sâlt bebiten teätermakker Rieks Swarte en produksjehûs Feikes Huis bondelje de krêften foar in teäterferzje fan Winterwater, Lex Paleaux syn debuutroman. Yn in byldzjende foarstelling mei poppen, tekeningen, makettes, live-sinema en muzyk wurdt it tema iensumens ynfielber makke. In ûnbefongen bern sjocht mei ferwûndering de wrâld yn, mar mei dat er âlder wurdt, nimt elkenien hieltyd mear ôfstân fan him en syn bernlike ferwûndering slacht om yn rebelly, ûnhânsum gedrach en in hieltyd gruttere ekstinsjele wanhoop.

Sneon 24 febrewaris te sjen yn Skouboarch De Lawei (Drachten)
en freed 1 maart yn Stedsskouboarch De Harmonie (Ljouwert)

Win kaarten!

Hokker boek lies Lex as bern stikem? Untdek it yn de boeketips by it ynterview op dizze webside, stjoer dyn antwurd en gegevens nei info@leeuwardencityofliterature.nl en win twa kaarten foar Winterwater yn De Lawei of De Harmonie! Meidwaan kin oant en mei 8 jannewaris.

Foto: Paulina Matusiak & Eddy Wenting