Op Wrâld Stêdedei (31 oktober) hat UNESCO-direkteur-generaal Audrey Azoulay 55 nije UNESCO Creative Cities beneamd. It giet om Cities of Crafts and Folk Art, Design, Film, Gastronomy, Literature, Media Arts and Music. Dêrby binne alve nije Cities of Literature.

De stêden binne keazen om ‘t se kultuer, kreativiteit en ynnovaasje sterk ynsette foar harren bewenners. Mei de nijste tafoegingen binne der no 350 stêden yn mear as hûndert lannen dy’t by it netwurk heare.

De nije Cities of Literature binne: Bremen (Dútslân), Buffalo City (Súd-Afrika), Hobart (Australië), Iasi (Roemenië), Kozhikode (Yndia), Kutaisi (Georgië), Lyon (Frankryk), Okayama (Japan), Rio de Janeiro (Brazilië), Taif (Saûdy-Arabië) en Tukums (Letlân).

Besjoch de list mei alle nije 55 Creative Cities op:

foto: Bremen UNESCO City of Literature