goede tiid

Elmar Kuiper (1969) is onder meer psychiatrisch verpleegkundige, beeldend kunstenaar, toneelschrijver, filmmaker en dichter. Kuiper lijkt humor en oprechtheid, absurdisme en gevoeligheid op een volstrekt unieke en persoonlijke manier te combineren. Met zijn intense en soms ietwat vreemde gedichten, en zijn droge humor, was hij een openbaring op vele nationale en internationale podia. De gedichten getuigen van originaliteit, lef en een sterk associatief vermogen. Ze behandelen grote thema’s: verlangen, liefde en dood, macht en onmacht. In zijn werk is alles vatbaar voor twijfel, niets staat vast.

goede tiid

iepenhûdich wie it lân.

ik siet by him op ’e skouders,
hold my fêst oan syn hier.

hy wie it hynder dat de lucht
snuvend útblies. ik hobbele

mei, koe him net tsjinkeare.
it hie flink reind. sa licht

fjouwere er oer de swiere klaai.
hy tilde my op, sette my del.

wy koene it lykfine; woene net
troch de plasse baaie, dêr’t de skries

pleistere, de snaffel tusken de fearren

stuts. hy makke him lytser, suchte,
wiisde in hij nei, dy’t oer de wjuk gie,

de wolken oantipte, leech
oer de râne fan syn territoar

fleach. ik woe wat sizze,
biet op ’e lippe.

Inhoud