Skriuwer, yllustrator en muzikant Daniel Mocci is fan 1 oant en mei 29 febrewaris 2024 op útnûging fan Arcadia op residinsje yn Paviljoen MeM yn Bûtenpost. Hy organisearret dêr yn dy perioade ferskate fergeze workshops, ynklusyf kofje en tee, iepenbier foar ynteressearren. De workshops binne keppele oan it projekt ‘Wâlden op de kaart troch kultuer‘ fan Atsje Lettinga.

Daniel: “Learn to tell your own story: to build a story, your story, the story of your town, about your community, the people around you, yourself, what you see. How you structure that, how do you build characters, etc. Giving the tools to do that. A story does not have to be around heroes, everyone is worth a story. The more intimate you go, to more people you reach, and the more it is going to resonate. Art is communication. Learn to communicate better what you are trying to communicate.”

As we ferhalen net fêstlizze, geane se ferlern!

Yn de workshop leart Daniel dy de feardichheden om de skiednis en identiteit fan dyn regio fêst te lizzen en der sa foar te soargjen dat dy bewarre bliuwt. Does Fryslân have a voice? Let’s find it.

Lês mear en skriuw dy yn foar de workshops op:

AIR on the Edge: Artist in Residence on the Edge of Europe
Arcadia docht mei oan AIR on the Edge: Artist in Residence on the Edge of Europe 2023/2024. Dat is in residinsje-programma fan it CultureUP-netwurk, in netwurk fan kulturele ynstitúsjes en lokale autoriteiten yn net-stedske en gebieten yn de perifery. It doel is om ideeën en best practices út te wikseljen om duorsume kulturele aktiviteiten yn fiif rurale gebieten yn Europa te ûntwikkeljen. De wichtichste partners hawwe (sawol suksesfolle as net suksesfolle) oanfragen dien foar European Capitals of Culture (ECoC).

AiR (Artist yn Residence programme) On the Edge rint fan septimber 2023 oant juny 2024. Alle partners ûntfange 2 keunstners út de oare lannen, elk foar in moanne (30 dagen ferbliuw, 20 dagen om te wurkjen). Wichtich is dat de keunstners yn harren residinsje belutsen binne by de lokale mienskip en de kulturele lânskippen dêr’t se yn wurkje sille. Keunstners binne ûnder mear selektearre op harren ûnderfining mei community art.

Keunstners koene har fia in Iepen Call oanmelde. Ut Fryslân wei hat Katie Ceekay (oarspronklik út Ierlân, no wenjend yn Fryslân) yn novimber/desimber nei Finlân west en Caro Kroon (Ljouwert) sil yn febrewaris nei Servië. Yn febrewaris komme skriuwer/yllustrator/muzikant Daniel Mocci (berne yn Fenezuela, no wenjend yn Ierlân) en skriuwer/dichter Vitomirka Trebovak (Servië) nei Fryslân.

Daniel Mocci is fan 1 oant en mei 29 febrewaris op residinsje yn Paviljoen MeM yn Bûtenpost. Hy organisearret dêr yn dy perioade ferskate workshops, iepenbier foar ynteressearren út de Noardlike Fryske Wâlden en dêrbûten. Dit is keppele oan it projekt ‘Wâlden op de kaart troch kultuer‘ fan Atsje Lettinga.

Vitomirka Trebovac sil fan 16 febrewaris oant 15 maart by Open Stal yn Aldeberkeap oan it wurk. Se wol graach yn ynteraksje mei Fryske byldzjende keunstners gedichten en koarte ferhalen skriuwe en mei har wurk en har teksten in pop-up ekspo organisearje op ûnferwachte plakken yn it doarp/de omjouwing.

Air on the Edge: Workshop learn to tell your own story