De gedichten fan Wjerspegelje binne no te sjen op mear as 200 lokaasjes yn de horeka, bibleteken, skoallen en gemeentehuzen fan Fryslân. Dêrmei is it projekt fan Ljouwert UNESCO City of Literature en Merk Fryslân in súkses wurden.

De start yn jannewaris en de útwreiding mei 96 lokaasjes yn april wiene bysûndere mominten. Mei it heljen fan it lêste doel en de ein fan it projekt hat Wjerspegelje wer ekstra omtinken fertsjinne. Dat barde op de Verhalenavond op freed 26 novimber yn Tresoar, dêr’t ferskate Fryske dichters harren gedichten foardroegen. In fideokompilaasje makket it projekt kompleet.

Wjerspegelje
28 Fryske dichters skreaunen fyftich Frysktalige gedichten foar Wjerspegelje, dy’t no op mear as 200 lokaasjes op spegels op húskes te sjen binne. Yn de tweintich sekonden dy’tst brûkst om de hannen goed te waskjen, kinst in Frysk gedicht lêze. De Nederlânske oersetting fan it gedicht is ek te lêzen mei de QR-koade op de spegel. Wjerspegelje is in projekt fan Ljouwert UNESCO City of Literature en Merk Fryslân, nei foarbyld fan Swol (weerspiegelen.nl) en útfierd mei stipe fan de provinsje Fryslân. De gedichten bliuwe foarearst te sjen. De lokaasjes binne te finen op friesland.nl/wjerspegelje.

Taal fan myn hert
Troch de covidmaatregels wie de Verhalenavond dit jier net yn wenkeamers, mar op tweintich rommere lokaasjes. Mei it tema Taal fan myn hert waard it in tige persoanlike jûn. Dichters Arjan Hut, Neeltje Bonnema, Sannemaj Betten en Joël Hut droegen harren Wjerspegelje-gedichten foar yn Tresoar. Sannemaj seit dêroer: “’Taal fan myn hert’ is foar my wichtich om’t ik as dichter in stik ‘hert’ yn elk stik ‘taal’ set. Myn hertstaal is in mingsel fan Nederlânsk, Frysk, Bildtsk en Dyslektysk. Ik haw meiwurke oan Wjerspegelje om’t ik it as myn missy sjoch om poëzij mear by de minsken te bringen. By it waskjen fan de hannen nei in besite oan it húske fyn ik in goeie wize om dat te dwaan”