Alle jierren binne yn juny de Thriller Wiken troch it hiele lân. Om net allinnich it lêzen mar ek it skriuwen te stimulearjen, organisearret Biblioteek Drachten dit jier in skriuwwedstriid. Amateurskriuwers fan alle leeftiden kinne meidwaan. De spannendste ferhalen fan Smallingerlân wurde publisearre en de skriuwers wurde yn it sintsje set.

De opdracht is: skriuw in koart spannend ferhaal, dêr’t in plak yn de gemeente op ien of oare wize in rol yn spilet. Der binne trije leeftydskategoryen: bern (o/m 12 jier), jongerein (13 o/m 20 jier) en folwoeksenen (21+). It ferhaal moat yn de twa jongste kategoryen minimaal 500 wurden wêze, foar folwoeksenen minimaal 1.200. It maksimum yn alle gefallen is 2.500 wurden. In ferhaal ynstjoere yn it Nederlânsk of Frysk kin oant en mei 17 juny. Dêrnei wurde de ferhalen beoardiele troch in saakkundige sjuery. Alle ynformaasje oer de skriuwwedstriid en it ynstjoeren is hjir te finen.


Tidens de Thriller Wiken, dy’t dit jier hâlden wurde fan 1 oant en mei 17 juny, binne der ek oare aktiviteiten yn Biblioteek Drachten. Op tiisdeitejûn 3 juny jout thriller-auteur Marcella Kleine de ynteraktive workshop ‘Skriuw dyn eigen thriller’. Ornearre foar folwoeksenen dy’t meidwaan wolle oan de skriuwwedstriid, mar fansels ek foar oare ynteressearden. Dêrnjonken sil Kirsten van Santen op sneon 7 juny in ynterview dwaan mei Rifka Faber. Under dy namme debutearren Erik Betten en Corien Feenstra koartlyn mei de thriller ‘Fatale oplossing’.