Doarsto yn de ring fan taal te stappen? Doch dan op 25 juny mei oan de Fryske Poëzyslam by Tresoar.

Lit dyn wurden dûnsje, fjochtsje, ferrasse en wurd ien fan de tsien dichters by de Fryske Poëzyslam. Nim it mei dyn ferpletterjende foardracht  fol poëtyske hichtepunten op tsjin oare Fryske dichters.

It publyk kiest yn trije rondes de bêste slammer.  

Winsto – neist ivige rom – de prachtige wikselbeker én € 500? 

Meld dy oan (mail nei marijke.deboer@tresoar.nl) én nim fans, famylje en freonen mei.