Mei Viva La Vis ferskynt postúm in bysûndere dichtbondel fan Eppie Dam (1953–2026), ien fan de meast wurdearre Fryske dichters fan syn generaasje. De bondel is ûntwikkele yn nauwe gearwurking tusken Eppie Dam, yllustrator Yke Reeder en foarmjouwer Monique Vogelsang.

Oer de auteur

Sûnt syn debút yn 1978 boude Eppie Dam in ymposant literêr oeuvre op. Hy skreau berneboeken, sportsjoernalistyk, biografyen en mear as fyftjin dichtbondels. Dêrneist makke er (geastlike) lieten, kantates, mar ek oersettingen fan singer-songwriters lykas Leonard Cohen en Joni Mitchell. De hege kwaliteit fan syn wurk waard ferskate kearen bekroand, ûnder mear mei de Rely Jorritsmapriis, de Simke Kloostermanpriis (2001) en de Gysbert Japicxpriis (2017), de heechste literêre ûnderskieding fan Fryslân.

Spitigernôch hat Eppie Dam it ferskinen fan Viva La Vis sels net mear meimeitsje kind. Syn libbenspartner Lienke Boot seit dêroer: ‘It is in geweldich moai boek en Eppie soe hjir tige grutsk op wêze. Hy hat gelokkich wol sels oant op it lêst de puntsjes op de i sette kind.’

Oer it boek

It falt net ta om fisk te wêzen. Moatst foar en achter eagen ha, mar dy sitte oan ‘e sydkant. Fiskeëagen bliuwe altyd iepen, ek asto sliepe wolst. En kin in fisk wol laitsje of gûle? Kinst nergens mei dyn triennen hinne, want oeral is wetter. Meist fan gelok sprekke as it skjin is, al falsto dan wol hiel bot op. Rôvers lizze op ‘e loer, behalve asto sels in rôver bist. Dan hapsto daliks ta. Soms happe minsken ta en bisto sels de fisk. Lekker dan!

Yn Viva La Vis besjogge dichter Eppie Dam, yllustrator Yke Reeder en foarmjouwer Monique Vogelsang de fiskewrâld fan alle kanten: mei humor en mei fertriet. Want sa sit it mei fisken. En ek mei minsken, yn alle lannen, mei harren grutte plannen boppe wetter.

Neist de Fryske nammen, steane yn dizze bondel ek de nammen yn oare talen. Gjin wûnder: fisken kenne gjin grinzen en swimme oeral hinne, yn groepen of allinne.

It boek fan Eppie Dam is hjir te krijen.