Frysk en Frij jout in sammeldichtbondel út mei fersen oer de ierdappel. Soks yn it ramt fan in histoarysk-kulturele manifestaasje op sneon 18 novimber yn Frjentsjer.

It wurk kin gean oer de ierdappel yn alle opsichten en ynstjoeringen yn alle tongslaggen binne wolkom. By guon talen en dialekten is in oersetting yn it Frysk of Nederlâns wolkom, dat kin de skriuwer sels it bêste besjen.

De karkommisje bestiet út twa froulju en twa manlju, dy’t oant de publikaasje anonym bliuwe, itselde jildt foar dy kommisje oangeande de ynstjoerders. By pleatsing fan in fers wurdt € 75,00 fergoede. Ynstjoere kin nei post@frysk-en-frij.nl.

Foar mear ynformaasje oer de manifestaasje, sjoch op de webside Erfgoed Fundaasje.